Spanning
Spanning is it tema fan de Moanne fan it Fryske boek 2012.
Tusken 14 septimber en 14 oktober wurde rûnom yn de provinsje spannende aktiviteiten organisearre.
De Moanne begjint op 14 septimber mei it Boekefeest yn Tresoar. It publyk kin in program ferwachtsje mei spannende ferrassings. De oanbieding fan it Kadoboek fan Sietse de Vries, de skriller Bak, is dêr in ûnderdiel fan.
Yn de rin fan de moanne wurdt gearwurke mei bibleteken oan programs dêr’t skriuwers, dichters, muzikanten en oaren dy’t de spanning deryn hâlde kinne, oan meiwurkje.
Lês mear oer it tema Spanning Moanne fan it Fryske boek 2012...


















































































































