Wa skriuwt de moaiste Twicht?
De priiswinner fan de bêste #twicht wurdt op snein 14 oktober om 16.30 bekendmakke yn it Jopie Huismanmuseum yn Warkum.
Sjuery
De sjuery bestiet dit jier út Jetske Bilker, Asing Walthaus en Sjoerd IJbema.
TWITTERGEDICHTEWEDSTRYD MOANNE FAN IT FRYSKE BOEK
Rintiid en slutingsdatum
De wedstriid rint fan 15 augustus 2012 oant 30 septimber 2012 24.00 oere.
Twichten
In twicht bestiet út 1 tweet (berjocht op Twitter.com). In twicht wurdt publisearre op it eigen persoanlike twitteraccount. Yn elke twicht moat it sykwurd (hashtag) #twicht opnommen wurde.
De ynhald en foarm is frij. De twichten moatte yn it Frysk of yn in Fryske streektaal pleatst wurde. De twichten meie net earder publisearre wêze of yn eigen behear útjûn wêze, ek net digitaal. Ek meie se net publisearre wurde foardat de priisútrikking fan de wedstriid plakfûn hat.
Elkenien mei safolle twichten ynstjoere as hy of sy wol.
Sjueryleden binne útsletten fan dielnimming.
Tresoar en It Fryske Boek binne net ferantwurdlik foar de ynhâld fan de twichten.
Utslaggen
Nei de slutingsdatum fan de wedstiid fynt de beoardieling plak.
De priisútrikking wurdt holden op 16 oktober 2012 yn ’t Jopie Huismanmuseum yn Warkum.
Copyright
De auteur hâldt it (wrâldwide) copyright op elke twicht.
It Fryske Boek en Tresoar behâlde it rjocht om alle ynstjoerde twichten sûnder útsûnderingen te publisearjen oant 1 jier nei de wedstriid. De dichter jout troch diel te nimmen, tastimming om de twicht te retweeten.
Priis
De winner fan de bêste twicht ûntfangt de sulveren “TWICHT”.
Ynstjoeren hâldt it sûnder betingsten akseptearjen fan de regels en betingsten fan de wedstriid yn. It net foldwaan oan de betingsten dy’t steld wurde oan it ynstjoeren kin liede ta diskwalifikaasje.





