Cornelis van der Wal skriuwt bêste twicht

Cornelis van der Wal út Snits is de winner fan de twitterwedstriid 2012 yn de ‘Moanne fan it Fryske boek’. Van der Wal wûn mei it gedicht Fisker smookt en skriuwt mei fingers fan reek/ in antlit op de sakjende sinne/ wolkens triuwe read ljocht/ dea yn it wetter.

Dit jier wiene der likernôch 150 ynstjoerings. De oare nominearren wiene Simon Oosting, Auck Peanstra, Pieteke de Boer en Piet Bult. Skriuwer Van der Wal mocht yn Warkum, by de feestlike ôfsluting fan de ‘Moanne fan it Fryske boek’ de Sulveren Twicht yn ûntfangst nimme.

Hjirûnder folget it sjueryrapport:

It oantal ynstjoerings foar de Sulveren Twicht 2012 wie dit jier net grut. Boppedat, en dat wie eins slimmer, wie de kwaliteit net altyd like heech. In soad romte fan de likernôch 150 ynstjoerings waard ynnommen troch lytse ûnderlinge petearkes, ‘twistjes’ of gewoan ôfwaait praat.

No lient twitter him dêr as medium hiel goed foar, dat is miskien wol it besteansrjocht dêrfan. Mar it komt de poëzij, mei op syn meast 133 tekens, njonken de hashtag twicht, net ten goede. Fansels is it ek hast in absurde útdaging om yn sa’n lytse romte wat gruts ta útdrukking te bringen, mar wy hiene fan it skriuwtalint yn Fryslân mear ferwachte. Spitigernôch wekt de trend fan it oantal ôfnimmende ynstjoerings wat dat oanbelanget gjin hege ferwachtings.

Mar as kearside jildt, dat de twichts dy’t boppe de rest útstieken, just ekstra opfoelen. Want dy wiene der ek. Dêrút ha wy ienriedich de fiif nominaasjes gearstald. Ta ús ferrassing sieten der in oantal âlde bekenden by.

It earste is fan Simon Oosting, in âlde bekende:
Yslân
Ûnder de fjoertoer fan ivoar fûn ik in walfisk dea
Nachts bedobbe ik him yn it swarte sân om ienris te pronkjen mei syn bonken.

In sfearfol fers. Oosting hat yn in pear wurden in skimerige kustwrâld oproppen wêr’t er sels in die stelt yn ‘e hope dat men yn ‘e takomst nochris oan him tinke sil. It soe in ferwizing wêze kinne nei de dieden en de langstmen fan elke dichter of keunstner.

It twadde is fan Auck Peanstra:
’k Sjoch it net as myn plicht en skriuw in #twicht, want ik hâld mear fan in langer gedicht, mar win ik de priis, dan betink ik my allicht.

In geastige, poëtyske analyze fan it fenomeen fan de twicht. De jeugdboekeskriuwster jout blyk fan it dedain foar twitter, dat sy dielt mei in soad generaasjegenoaten, mar op iroanyske wize hâldt sy alle mooglikheden iepen, omwille fan de mooglike priis.

Itselde, mar dan yn it Stelligwerfsk, hat Piet Bult dien.  Mar dat docht er net om der in priis mei te winnen, mar foar de leafde, de bêste motivaasje fan allegearre:
Toegeven, et wodt gienertied echt een gedicht
want daorveur is et toch te licht
zoe’n zeuvenstuverse #twicht veur mien liefste wicht

Dan komme wy by de lêste twa dy’t de sjuery unanym as bêste útkeazen hat. De iene is fan Cornelis van der Wal, in skildereftich beskreaune, hast kosmyske bân tusken in fisker, de ûndergeande sinne, it spegeljende wetter en de dea:
Fisker smookt en skriuwt mei fingers fan reek
in antlit op de sakjende sinne
wolkens triuwe read ljocht
dea yn it wetter

De oare is fan Pieteke de Boer. Sy hat de relativiteit van beloften, wurden en sels fertriet útdrukt:
Swiete wurden wurde wei yn sâlte triennen, it wetter fan de see lûkt sân mei nei de djipste djipte en it wurdt nea wer sa as it wie.

De sjuery hat besletten om as winner fan de Sulveren Twicht 2012 út te roppen:
Cornelis van der Wal. Lokwinske!

Jetske Bilker
Sjoerd IJbema
Asing Walthaus