Fryske e-books

Fryske e-books binne te krijen op de folgjende websites:

[1] 50 titels út de rige werútjeften fan TDE
[2] Eigen Fryske titels fan Elikser
[3] Skriuwer Koos Tiemersma mei syn nijste roman Einum ,ferskynd op 8 septimber lêstlyn, en Ien is in swalker (= op papier: De mjitte, 2004).
[4] Piter Boersma syn nijste boek, De krêftproef, is ek beskikber as e-book
[5] Yn de ynternetboekhannels Boekenroute.nl, Ebook.nl, Bol.com en Bruna.nl.
Op dizze sites is net maklik in oersjochte finen fan it Fryske e-bookoanbod, omdat ‘Frysk’ net apart keazen wurde kin as taal. 

E-book ferkeap nimt ta

Yn Nederlân waarden yn de earste fan 2012 op ’en nij mear e-books ferkocht as yn it jier dêrfoar. Yn totaal kaam 3% fan de opbringst út boekeferkeap yn dat tiidrek fan e-books. De ferwachting is dat dy groei trochsette sil. It earste frysktalige e-book wie Griene simmer fan Bart Kingma út 2010.