'It Ein' - de priiswinner fan de filmwedstryd

Sjueryrapport filmwedstriid yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske boek 2012
Proaza en spylfilm wolle beide ferhalen fertelle. Dat de relaasje film en literatuer, en yn dit gefal Frysktalige literatuer, is dan ek foar de hân lizzend. Tresoar hat mei om dy reden yn it ramt fan de moanne fan it Fryske boek 2012 in filmwedstriid útskreaun wêrby filmmakkers oproppen waarden om in koarte film te meitsjen mei it tema spanning yn relaasje mei de Fryske literatuer.
De respûns op de wedstriid levere fiif filmkes op. Alle fiif de filmkes foldogge, as je it tema yn brede sin útlizze oan it kritearium spanning. By de ien sit it al yn de titel: ‘Pake lêst  foar út in spannend Frysk boek”, oaren hawwe besocht it spannende yn de bylden te lizzen of yn it ferhaal fan de film. Twa films brûke yn byld in frysktalige roman, it boek It wurk fan ‘e duvel fan Durk van der Ploeg en yn de oare film Net sûnder myn famke in oersetting fan it boek fan Betty Mahmoody en William Hoffer. Spylfims fertelle ferhalen. De makker fan spylfims brûkt dêrby op fakkundige en artistike wize alle fertelmooglikheden dy’t dat ferhaal sa goed mooglik op it wite doek bringe kinne. En dat binne nochal wat mooglikheden: byld, ljocht, grime, dekôr, muzyk, lûdseffekten, tekst, dialooch, en dat alles yn de goede ferhâldingen dosearre, makket dat wy in ynterressante en goed makke film krije wêr’t in soad minsken in protte sjochwille oan belibje.

De priis
Fan de fiif filmkes komme trije filmkes yn de beneaming foar in priis. De bêste film kriget in sjek fan € 500,- , de twa oaren krije elk in sjek fan € 100,-.

Prizen binne der foar:

Net sûnder myn famke. Makke troch Dick Martens. De film jout in parallel tusken wat de frou sit te lêzen yn it boek Net sûnder myn famke en wat wy sjogge. Der wurdt in spanning ferûndersteld mar dy komt al geande de film net ta de grutte klimaks. Der is in soad flyt dien op it meitsjen fan de film, sawol yn it senario as yn de filmopnames, mei in soad ferskate stânpunten en montaazje. De akteurs rezjy hie wol wat mear omrtinken ha mochten.

It ein. Makke troch Auke de Witte en freonen. Ferdinand de Jong, dy’t ek in lytse rol spilet, hat it ferhaal levere dat troch Auke de Witte omset is nei in senario. De casting fan de twa haadrollen is goed dien. It kamerawurk is fersoarge en ôfwikseljend. Guon byrollen hiene wol wat mear omsjen krije kinnen. Dat alles soarget dochs foar in ferrassend ein fan de film. De oanlieding fan dizze film is de roman It wurk fan ‘e duvel fan Durk van der Ploeg. En dêrmei is de keppeling mei de fryske literatuer sûnder mis.

Moanne fan it Fryske boek. Makke troch Michiel Boogerman en Richard van der Laan. It begjin fan de film is heimsinnich, miskien ek wol wat poëtysk. Moaie bylden, moaie beljochting. Mar de belofte dy’t de film liket te hawwen wurdt net beändere. Dat komt nei alle gedachten trochdat de tekst net fan deselde ynhâldlike kwaliteit is as it byld. De film jout boppedat in soad ferhaaloansetten, dy’t net echt ôfmakke wurde. En miskien is dêrtroch de klû fan de film betiizjend.

De útslach
De winner fan de filmwedstriid yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske boek 2012 is wurden: It ein. makke troch Auke de Witte en freonen!!!

De sjuery: Haye Bijlstra, Theo Kuipers, Syds Wiersma
Ljouwert/ Warkum  14 oktober 2012

Besjoch hjir it winnende filmke.

Hjir binne alle ynstjoere filmkes te besjen.