Koen Eekma en Ernst Bruinsma:
Jelle Van der Meulen en Henk van der Veer skriuwe op harren weblogs oer Fryske skriuwers en boeken. Sjoch op: http://home.planet.nl/~meul2882/fries en http://www.henkvanderveer.nl.
In bekende detektive dy’t de haadpersoan is yn in rige Fryske berneboeken is Mentha Minnema. Anny de Jong, Riemkje Pitstra en Jan Schotanus binne de auteurs fan de ferskillende dielen, yn totaal 8 stiks. Sjoch ek op www.audiofrysk.nl.
Tutte mei de linten fan Diet Huber is de bekendsteFryske bondel mei bernegedichten. De earste printinge ferskynde yn 1955. Op 4 oktober 2012 komt de 11e printinge út. Noch altyd kieze bern gedichten út Tutte mei de linten foar in foardrachtkriich op skoalle. Bygelyks: It karke fan bakker Harke, De walfisk en de prom en De biezem en de bjinder. Sjoch ek op www.itfryskeberneboek.nl by berneboekeskriuwers.





