Einum - Froon Akker

Froon Akker Einum
Eigen behear
E-book, 2012

Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje út ein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld.

Lês mear: Einum - Froon Akker

 

Flammen - Hilda Talsma

Elske is drok dwaande mei de tariedings foar har houlik mei Ronny. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Fêstberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. Elske, ek net altyd like handich yn it oersjen fan har eigen spontane aksjes, hat der noed oer oft it allegear wol goed komt, mar Ronny fertrout derop dat it in ûnferjitlike dei wurdt. En dat wurdt it, yn mear as ien opsicht.

Lês mear: Flammen - Hilda Talsma

Fan ‘e boaiem (poëzij) - Aukje Wijma

Eigen behear

Noch gjin foto

Wa fertelt de takomst? - Corry Boelens

KFFB

Haadpersoan Wytske hat, nei har skieding, de beide dochters Sandra en Fenna allinnich grutbrocht. No binne dy folwoeksen en ta de doar út. Dat seit net dat Wytske it har no oan tiid dwaan kin. As pedikuere hat se in eigen drokke praktyk. Fierders binne der ek in soad saken dy’t omtinken freegje. Altyd allinnich mei dy problemen ompakke is net maklik. Safolle ûnbeantwurde fragen en de takomst liket bytiden ûnwis.
De dochters hawwe harren eigen problemen. Fenna kriget gjin bern en dêr hat elkenien yn de neiste famylje it dreech mei. Benammen har mem, mar Sandra ek, dy’t yn in pear jier tiid twa bern kriget. Is der in mooglikheid om har suster te helpen?

Wibren Altena, in swalker yn ‘e geast - Bennie Huisman

Afûk

De Makkumer dichter en foardrachtkeunstner Wibren Altena (1917 – 1987) publisearre al foar de oarloch syn earste gefoelige en filosofyske fersen. Tsien jier letter keas er in oare kant en luts er yn Fryslân folle sealen mei syn mear dan aparte satiryske en humoristyske foardrachten, dêr’t de Ballade fan Longerhou hast wol de bekendste fan is. Yn 1956 ferhuze er net Rotterdam en die er de doar nei syn eardere bestean achter him ticht. Trije jier nei syn dea waard syn wurk bondele yn De laitsjende wierheid.

Lês mear: Wibren Altena, in swalker yn ‘e geast - Bennie Huisman