Download gratis de Dichterby App

DichterBy is de mobile App foar Smartphone, iPhone en iPad, keppele oan GPS. Ast yn in doarp of stêd bist en hast DichterBy ynstalearre, dan hearst in gedicht oer it plak dêr’st bist. Kinst der nei hearre, of it fan ’t skerm ôflêze. Kinst de gedichten diele op Facebook en Twitter.

Fergees down te loaden
Stel, dû giest nei de haven yn Harns, dan aktivearrest DichterBy en dan krijst daliks meardere gedichten oer Harns.
De app is keppele oan de GPS fan de smartphone . Stel yn de app by Instellingen ‘it slot’ oan en jo kinne de gedichten allinich belústerje as jo yn in straal fan 250 meter fan it plak steane fan in gedicht. Yn totaal binne der no 231 gedichten te beharkjen en jo kinne dus 231 punten sammelje.
Dizze App is fia de Android Market, of de Apple Appstore fergees (gratis!) down te loaden.
 
Poëzy
It is de bedoeling dat fan àlle Fryske doarpen, buertskippen en stêden op syn minst ien gedicht opnommen wurdt. DichterBy bringt dichters en gedichten tichter by de minsken.
Der wurdt kontakt socht mei û.o. de VVV’s en de ANWB.
 
Mear gedichten
Besteane der noch mear gedichten dy’t net ûntbrekke meie op DichterBy? Graach in mailtsje nei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
 
Ek fia telefoan
Dy’t gjin modern tastel hat en dochs benijd is nei de gedichten draait 085- 210 2015. De plakken hawwe nûmers fan 1 o/m 236. De list stiet hjir.
 
Reaksjes
Wy wolle graach fan jo hearre wat jo fan de app fine. Jo kinne jo reaksje maile nei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. . Ek as jo problemen ûnderfine mei de wurking fan de app of de ynstallaasje derfan hearre wy it graach. Set der dan ek eefkes by wat foar tastel jo brûke.