Fryske boeken keapje op ynternet
Fryske boeken keapje op ynternet
Der binne in oantal sites op ynternet dêr’t je Fryske boeken keapje kinne.
[1] It meast folsleine oanbod stiet yn de ‘Webwinkel’ op afûk.nl. Dêr binne alle beskikbere Fryske titels te krijen.
[2] Yn juny 2012 sette fryskeboekhannel.nl út ein, dy’t ek alle rinnende Fryske titels oanbiede wol.
[3] De boeken fan de trije útjouwers FPB, Bornmeer en Elikser/Frysk en Frij binne ek by de grutte boekhannels op ynternet te keap: Libris.nl, Bruna.nl en Bol.com.
[4] De útjouwers hawwe in eigen site dêr’t se de boeken út har fûns ferkeapje.
[5] Foar antikwaryske boeken is Boekwinkeltjes.nl de goede yngong.
Fryske e-books
Ha jo al ûnderfining mei e-books? Oars is de Moanne fan it Fryske Boek in moaie kâns om dêr feroaring yn te bringen. It kadoboek fan 2012 Bak is dan nammentlik fergees beskikber op de website moannefanitfryskeboek.nl. It bestân kin lêzen wurde op elk type e-reader. Dat kin ek op iPad, smartfoan of gewoane kompjûter, mar dan is in app of programma nedich.
Der binne no yn totaal sa’n 60 Fryskte e-books te keap. Hjir wurdt dúdlik oanjûn wêr’t se te krijen binne. Skielk wurdt oanjûn hoe’t jo ‘Bak’as e-book bemachtigje kinne.
Harkboeken
Harkboeken op CD binne te keap by Afûk.nl en by Libris.nl, en by de útjouwer Audioboek.nl. Aparte ferkeapsites binne ûnder oare Luisterrijk.nl en 123luisterboek.nl dy’t de harkboeken oanbiede as mp3. Dy mp3-bestannen binne sa’n 20% guodkeaper en kinne daliks nei beteljen delladen wurde.
Fryske e-books
Yn Nederlân waarden yn 2011 2x safolle e-books ferkocht as yn 2010. Yn totaal wie 1,6% fan de ferkochte boeken yn 2011 in e-book. Dat is noch net sa mâle folle, mar de ferwachting is dat de groei yn 2012 en dêrnei trochsette sil. It earste frysktalige e-book wie Griene simmer fan Bart Kingma út 2010.
Fryske e-books binne te krijen op de folgjende websites:
[1] 50 titels út de rige werútjeften fan TDE
[2] Eigen Fryske titels fan Elikser
[3] Skriuwer Koos Tiemersma mei Ien is in swalker (= op papier: De mjitte, 2004)
[4] Yn de ynternetboekhannels Boekenroute.nl, Ebook.nl, Bol.com en Bruna.nl.
[5] Kadoboek Bak [link folget letter]




