Reis-Aksje en Skriuwkeunst moaie ôfsluter Moanne fan it Fryske Boek

 

Undanks it reinigere waar op snein 14 oktober, ha der hiel wat minsken mei bus en foaral mei de trein reizge op fertoan fan it Kadoboek ‘Bak’.

It swiertepunt lei dizze dei op de aktiviteiten yn Warkum.

Skriuwkeunst yn Warkum hood yn dat der skriuwersaktiviteiten yn guon ateliers en galeriën hâlden waarden en dat der ek hiel wat ateliers, galeriën en keunsthannels iepen wiene foar publyk.

Kunsthuis Kort, Ruth Vulto Gaube, Tjitske andriesse, Piets Althuis, Kesk-Art, Kunst van Petra, Begine en De Vereeniging hiene allegear in waarm wolkom foar de besikers dizze snein. Oeral yn Warkum hongen posters foar de ruten.

Om goed tweintich foar twaën kaam de earste lading treinreizgers oan yn Warkum. De stoet gie earst nei de biblioteek dêr’t skriuwer fan it Kadoboek sietse de Vries yn in ambiance fol ‘spanning en avontuur’ynterviewd waard troch de reislieder en presintator Douwe Kootstra. De Vries traktearre it oanwêzige publyk op de ûnderfinings fan de skriuwer yn de fjouwer wike fol optredens yn de Moanne fan it Fryske Boek.

Nei ôfrin stie de toeristetrein fan Warkum bûten te wachtsjen om it publyk nei Galerie Berger ta te bringen. Dêr trede dichteres Tryntsje van der Veer op. Douwe Kootstra stelde har fragen oer har dichtsjen en Tryntsje lies in pear haikû’s foar.

Underwilens wie de toeristetrein wer nei it stasjon fan Warkum ta riden om in nije groep minsken ôf te heljen. Dizze groep en de groep dy’t al yn Warkum wie, kamen byinoar op ‘e souder fan ‘De halve zwaen’dêr’t berneboekeskriuwer Paul van Dijk tegearre mei muzikanten in geweldich spannend ferhaal optsjinne .

It publyk koe neitiid wer ynstappe yn de toeristetrein dy’t mei moaie muzyk ûnderweis fan Frâns Faber it paad nei Galerie Ada Stel wist te finen.


Der fersoarge skriuwer Ferdinand de Jong in optreden, hy lies in brief foar út syn nijste boek ‘De lêste trúk’. Fan dêr út wie it in lyts stikje kuierjen nei Koch Pottery: in pottebakkerij dy’t yn in sfearfolle lokaasje omtsjoend wie. Popke Popma lies dêr in priuwke út syn boek ‘smelle spoaren’foar.

Doe wie it tiid om oer de dyk te stekken nei it Jopie Huismanmuseum ta. Dêr soe de priisútrikkingplakfine fan de moaiste twicht en it spannendste fimke. Boppedat wie der muzyk fan Frâns Faber en in optreden fan skriuwer en ferteller Mindert Wijnstra.

Cornelis van der Wal wûn de Sulveren Twicht mei: Fisker smookt en skriuwt mei fingers fan reek/ in antlit op de sakjende sinne/ wolkens triuwe read ljocht/ dea yn it wetter

De sjuery besteande út Jetske Bilker, Asing Walthaus en Sjoerd Ijbema oardiele de Twicht as “In skildereftich beskreaune, hast kosmyske bân tusken in fisker, de ûndergeande sinne, it spegeljende wetter en de dea”.

Skriuwer Van der Wal krige yn Warkum, by de feestlike ôfsluting fan de ‘Moanne fan it Fryske boek’ de Sulveren Twicht oerlange. Dit jier wiene der likernôch 150 ynstjoerings.

Foar de filmwedstriid kamen der 5 ynstjoerings. It winnende filmke is makke troch Anke de Witte en freonen. Sy namen it boek fan Durk van der Ploeg ‘It wurk fan ’e duvel’ as útgongspunt foar harren spannende film. De sjuery dy’t bestie út Asing Walthaus, Haye Bijlstra en Syds Wiersma fûnen it in goed ferhaal dat de spanning oan ‘e ein ta wist fêst te hâlden en de sterke relaasje mei de Fryske literatuer wie ek in grut pluspunt. De earste priis is in bedrach fan € 500,00. Twa oare filmkes krigen in oanmoedigingspriis fan € 100,00.

Nei dizze feestlike ôfsluting wie der noch in mooglikheid om fan in Reis-Aksje menu of in Skriuwkeunstmenu yn it Pottebakkershûs te genietsjen foar wa’t dat woe.

Oare jier sil de Reis-Aksje foar de tsiende kear hâlden wurde.