De Moanne fan it Fryske Boek 2013 giet fan start mei it Boekefeest op freed 13 septimber yn de foarm fan 'Zomergasten'. Earegeasten binne de skriuwers fan it Kado- en Aksjeboek; Atte Jongstra en Caja Cazemier.
Op sneon 21 septimber bestiet de mooglikheid om yn it Kadoboek te dûken yn de foarm fan in reis nei Terwispel.
De Reis-Aksje dy't foar de 10e kear hâlden wurdt, is op snein 29 septimber en dit jier jildt sawol it Kadoboek as it Aksjeboek as ferfiersbewiis. Dizze dei kinne jo fergees yn Fryslân reizgje mei bus of trein en mei de trein ek yn Grinslân as jo ien fan beide boeken sjen litte kinne.
Op sneon 5 en snein 6 oktober kin meidien wurde oan 'In hjerst oan see' op Skylge, mei oernachting yn de Folkshegeskoalle.
It wykein dêrop is op sneon 12 oktober de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis.
Tuskentroch wurde der allerhanne kulturele optredens troch hiel Fryslân hinne organisearre.
Mear ynformaasje folget.





